Earste winst Van der Meulen

05 maaie 2007 - 17:28
  • Van der Meulen en syn partoer: ek dit jier de favoriten?

De earste keatswedstriid yn de haadklasse fan dit seizoen is sneon wûn troch it partoer Van der Meulen. By de frije formaasjepartij yn Jorwert wisten Johan van der Meulen, Auke van der Graaf en Taeke Triemstra te winnen fan Minnesma, Bonnema en Van der Wei. It waard 5-5, 6-2.

It winnende partoer wist werom te kommen fan in 5-3 efterstân. Auke van der Graaf waard útroppen ta kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)