Ferlies Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys is der sneon net yn slagge om te winnen fan WHC. Thús yn de Harkema ferlearen de haadklassers mei 0-1. De Boys benutten de kânsen om de efterstân om te bûgen net.
It ferlies is tige soer, omdat de konkurrinten yn de striid tsjin degradaasje wol punten pakten. Oare wike moat Harkemase Boys no tsjin degradant Urk it liif sjen te rêden. ONS, de oare Fryske haadklasser, spile 0-0 by Excelsior '31.