Maraton tsjin kanker
De maraton tsjin kanker hat yn Fryslân al mei al 20.000 euro oplevere. Richard Bottram rûn sneon fan Ljouwert nei Dokkum. Hy rint in jier lang alle dagen in maraton om jild yn te sammeljen tsjin kanker, de sykte dêr't syn frou oan stoar.
Underweis rûnen tal fan minsken in ein mei Bottram. Omdat it sneon befrijdingsdei wie, hie de groep it befrijdingsfjoer by him.