"Opsjitte mei studintewenten"

© Omrop Fryslân
It CDA yn de gemeente Ljouwert makket har soargen oer de opfang fan bûtenlanske studinten yn it nije skoaljier dat yn augustus úteinset. Meikoarten komt der in ein oan de tydlike húsfesting yn it Rengerspark en oant no ta is der noch gjin ferfanging foar fûn.
Om't der goed 400 nije studinten ferwachte wurde, binne der yn totaal 220 wenten nedich. It grutste part is klear mar der moatte noch 40 fûn wurde.