Shoarmasaakeigner net ferfolge

04 maaie 2007 - 17:25

De eigner fan shoarmasaak La Kashba op It Hearrenfean wurdt net ferfolge troch justysje. De eigner waard in skoft sjoen as fertochte fan de grutte brân, ein ferline jier yn it sintrum fan it Fean. De brân is sa goed as wis oanstutsen.

It fjoer begûn yn de shoarmasaak oan it Breedpaad en sloech oer nei oare gebouwen. Tweintich studinten rekken tydlik dakleas, nimmen rekke ferwûne. Justysje hat de saak seponeard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)