Noch gjin nij kolleezje

© Omrop Fryslân
It liket derop dat der sneon mear dúdlikens komt oer de foarming fan it nije provinsjebestjoer. It CDA en PvdA tochten earder dat se der freed wol út wêze soene. Neffens it CDA sit der lykwols skot yn de ûnderhannelings mar moatte de berikte resultaten earst oan de fraksje foarlein wurde.
Ofrûne woansdei hawwe ôfslutende petearen west mei de ChristenUnie en de FNP. Dizze twa partijen meitsje de measte kâns oan te skowen.