Untslach nei flaters

It fersoargingshûs
It fersoargingshûs It Menniste Skil yn Boalsert hat in meiwurkster ûntslein omdat se har net hâlden hat oan de regels by it útdielen fan medisinen.
De maatregel komt nei it ferstjerren fan in 83-jierrige bewenner op 4 maart. Justysje en de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch ûndersykje op dit stuit de dea fan de man. Mooglik is er ferstoarn omdat er ferkearde medisinen krigen hat. It Nederlands Forensisch Instituut ûndersiket de dea fan de man.