Fryske topbolle is net mear

03 maaie 2007 - 15:45

De Fryske topbolle Skalsumer Jorryn is ôfrûne sneon yn it Limburgske Grashoek deagien. De bolle komt út de fokkerij fan Hessel Agema út Kollumerpomp.

Skalsumer Jorryn stie yn de top fan de ranglist fan Nederlânske topbollen en hat in grut neiteam oer de hiele wrâld dat opfalt troch in hege molkeproduksje. De bolle is seis jier wurden en nei alle gedachten deagien oan ynwindige bliedings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)