Snitser fersetsminsken eard

© Omrop Fryslân
Snitser âld-fersetsstriders binne sneon mei Befrijdingsdei te gast bij de boargemaster. Snits wol sa syn tankberens uterje foar wat de fersetsminsken dien ha foar de mienskip.
It giet om in groep minsken dy't alle jierren lytser wurdt. Dit jier binne it noch njoggen âld-fersetsstriders. Sij krije sneon it selskip fan in Kanadeeske feteraan, dy't holpen hat om Snits te befrijden.