Fytspaad Drachten tydlik ticht

© Omrop Fryslân
Op de Noarderhegewei yn Drachten is in fytspaad njonken it grutte magasyn fan Philips tydlik ôfsletten. Dat is nedich omdat wetterbedriuw Vitens in wettertransportlieding fan 20 meter oan it skjinspuitsjen is.
Yn de âlde lieding siet in skuor. De belangryke wetterlieding is ferfongen en wurdt skjinspield fan modder en sânrêsten. Dêrtroch strûpt it fytspaad foar in grut part ûnder wetter. It kin freed mooglik wer iepen