Twifels oer nut húsbesites

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat sjen nei it nut fan húsbesites oan minsken yn de bijstân. Dat wol de VVD yn de gemeente. De besites binne bedoeld om fraudeurs op te spoaren, mar troch in rjochterlike útspraak kin it tenei allinne mar ûnder strange betingsten.
As der gjin oanwizings foar fraude binne, moat de besite rom yn it foar oankundige wurde en moatte de minsken tastimming jaan. De VVD freget him ôf oft de metoade dan noch wol doel hat.