Plysje betrapet hurdriders

03 maaie 2007 - 10:27

De plysje hat woansdei fan in tal autobestjoerders de rydbewizen ôfpakt. In man út Lopik koe syn rydbewiis ynleverje omdat er mei 159 kilometer yn de oere oer de N31 by Garyp ried. Op de dyk is 100 tastien.

In 23-jierrige man út Wergea waard betrape op de Westergeasterdyk. Hy ried 135 wylst dêr 80 tastien is. In man (21) út De Gordyk ried 173 op de A7. Op de dyk is 120 tastien. Hy is syn rydbewiis ek kwytrekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)