Himpkwekerij yn Ljouwert fûn

03 maaie 2007 - 09:58

De plysje hat woansdeitejûn in himpkwekerij oprolle yn de Molensteeg yn Ljouwert. De kwekerij waard fûn nei in tip. Der stiene 1200 planten.

In 52-jierrige man en in 33-jierrige frou binne oanhâlden. Sy binne foar fierder ûndersyk nei it plysjeburo brocht. De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. Begjin april waard ek al in kwekerij yn de Molensteeg fûn. Dêr stiene 430 planten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)