Man stroffele op perron B'post

03 maaie 2007 - 09:48
  • It slimme ûngelok soarge foar in soad konsternaasje op it stasjon fan Bûtenpost

De man dy't moandei swier ferwûne rekke op it stasjon fan Bûtenpost is troch eigen tadwaan meisleept troch de trein. Hy woe in pear passazjiers útwuive en rûn dêrom mei mei de ridende trein. Doe't er stroffele, kaam er tusken it perron en de trein en waard doe meisleept. It slachtoffer is bûten libbensgefaar.

Spoarbehearder Prorail warskôget minsken dat se net bûten de wite strepen op it perron komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)