Aksjes rotonde De Jouwer

Frachtauto's rieden 'earerûntsjes'
It fakbûn FNV hat tongersdeitemoarn in grutte aksje by de rotonde op 'e Jouwer hâlden. De FNV wol dat it lean fan it beropsferfier mei trije prosint omheech giet, mar de ûnderhannelings binne dizze wike stikken rûn. De frachtauto's rieden trije earerûntsjes om 'e rotonde om sjen te litten dat se achter de aksje stean.
It ferkear hat der wol lêst fan hân, mar der hawwe gjin ûngelokken west.