Harkemase Boys nei bekerfinale

02 maaie 2007 - 23:08

Harkemase Boys hat woansdeitejûn de finale fan it Noardlik Bekertoernoai berikt. De Boys dienen dat troch yn de heale finale mei 7-2 te winnen fan sneinshaadklasser Snits. By rêst wie it 3-2 foar Harkemase Boys. Tony Alberda makke trije goals foar de Boys.

Harkemase Boys spilet op 19 maaie de finale tsjin Be Quick 1887. De Grinzers wûnen de oare heale finale mei 2-1 fan Flevo Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)