Jong Hearrenfean wint de beker

02 maaie 2007 - 22:28

It belofteteam fan de Sportclub Hearrenfean hat woansdeitejûn de bekerfinale mei 4-0 fan jong Stormvogels/Telstar wûn. It waard yn it Abe Lenstra stadion foar sa'n 8000 taskôgers net in geweldige wedstriid. Niklas Tarvajärvi (2x), Jakob Poulsen en Bo Storm wiene de doelpuntemakkers.

Troch de winst helle de ploech fan trainer Henk Herder de dûbel. In pear wike lyn waard de ploech al kampioen fan Nederlân yn 'e beloftekompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)