Doeksen keapet nije boat

dit is de nije boat
Rederij Doeksen hat op de Filippijnen foar 4,5 miljoen euro in snelboat kocht. De boat ferfangt begjin 2008 de Koegelwieck. Dy is 15 jier âld en hieltyd minder betrouber foar útfieren fan tochten nei Skylge en Flylân.
De nije boat is fiif jier âld en wurdt kompleet ferboud. Der komme nij motoaren yn en in nij ynterieur. Doeksen woe in nij skip bouwe litte, mar seach derfan ôf om't skipswerven it te drok ha.