Tips om enerzjy te besparjen

© Omrop Fryslân
Hast 300 ynwenners út Dongeradiel ha har opjûn foar in enerzjyprojekt. Dat projekt is bedoeld foar minsken mei in leech ynkommen.
In enerzjyadviseur giet by de minsken op besite om advizen te jaan oer hoe't se op enerzjykosten besparje kinne. Ek krije dielnimmers twa sparlampen, twa tuskenstekkers en in skeakeldoaze kado. In spesjaal klusteam kin minsken helpe om technyske oanpassings te dwaan.