Gemeentehûs B'him ferboud

De ferbouwing fan it gemeentehûs fan Boarnsterhim is klear. Ynwenners fan de gemeente kinne wer telâne oan de J.W. Visserwei yn Grou. Yn de ôfrûne moannen wiene de ambtners tydlik ûnderbrocht oan de Oedsmawei.
It gemeentehûs is foar goed 4 miljoen euro ferboud. Der is in nije entreehal, in nije argyfkelder en in nije riedsseal. De ferbouwing wie nedich om't it gemeentehûs te lyts waard. Der is 1000 kante meter bykaam.