Ungelok stasjon noch ûndúdlik

02 maaie 2007 - 10:13

De plysje wit noch hieltyd net hoe't it ûngelok op it treinstasjon fan Bûtenpost ûntstien is. In man út Eastermar rekke moandeitejûn swier ferwûne doe't er tsientallen meters meisleept waard troch in ridende trein. Dêrnei foel er op it spoar. Hy leit yn kritike tastân yn it sikehûs yn Grins.

De plysje hat mear as tweintich tsjûgen heard. Dy ferklearrings wurde no mei elkoar fergelike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)