Fúzje ynkassoburo's

02 maaie 2007 - 06:21
  • Direkteur Roelof Jan Rinsma

It Ljouwerter ynkassoburo VNR_Incasso nimt it kantoar fan NGC Gerechtsdeurwaarders út Bûtenpost oer. Dêrmei ûntstiet der in twadde grutte spiler op de Fryske ynkassomerk, neist Oordijk Incasso yn Ljouwert. Direkteur Roelof Jan Rinsma hoopt troch de fúzje in sterkere posysje yn de trije noardlike provinsjes te krijen.

Mei it akkoart wurdt VNR Incasso mear as twa kear sa grut. Alle 43 wurknimmers hâlde harren wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)