PvdA moat werom nei it folk

De fraksjefoarsitter krige swiere krityk
De PvdA moat him wer sjen litte op de wurkflier. De leden moatte net langer allinnich kampanje fiere fanút merkkreamkes. Fraksjefoarsitter Jaques Tichelaar krige swiere krityk tiisdei by de fiering fan 1 maaie.
Hy wie te gast yn Rotterdam en de Westerein. Dêr sei er dat de partij it kontakt mei de wurknimmers driget kwyt te reitsjen. Yn Rotterdam krige er swiere krityk, om't de partij net mear fan it folk is.