Smookferbod yn natoer nedich

Ien sigaret kin al foar in grutte boskbrân soargje
Der moat in algehiel smookferbod komme foar de Fryske natoergebieten. Dat fynt direkteur Ultsje Hosper fan it Fryske Gea. Yn de bosken fan East- en West Stellingwerf en Opsterlân jildt no al sa'n ferbod, mar in algehiel ferbod is folle dúdliker, fynt Hosper.
Troch de oanhâldende droechte is der in grut risiko op boskbrânnen. Fanwege de maaiefakânsje is it drokker as oars yn de natoergebieten. De gemeentes geane oer in smookferbod.