Trainer ferlit SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Keeperstrainer Jacques Storm (45) sil SC Hearrenfean oan de ein fan dit seizoen ferlitte. Storm wie 15 jier by de club yn tsjinst. Hy wie ferantwurdlik foar alle keepers fanôf de A-jeugd.
Jacques Storm waard yn 1991 hierd fan FC Grins en hat ien seizoen earste doelman west fan SC Hearrenfean. Yn 1992 waard Storm opnommen yn de technyske stêf fan Hearrenfean.