Untwikkeling dúnfalleien klear

01 maaie 2007 - 16:26

Mei de ûntbleating fan twa ynformaasjebuorden is op It Amelân moandei offisjeel de ûntwikkeling fan dúnfalleien ôfsletten. Yn natoergebiet Oerd is de grûn yn in ferrûge dúnfallei keard. Der is ek in tagong nei de see ta makke, sadat der ek sâlt wetter yn komme kin.

Op it Oerd groeie al wat planten dy't foarkomme yn gebieten mei sâlt en brak wetter. Dat komt om't de fallei al trije kear ûnderstrûpt is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)