Staazjerinne op bernebuorkerij

01 maaie 2007 - 16:16

Yn Bears moat takom jier in praktykskoalle stean dêr't studinten leare kinne hoe't it om en tagiet op in bernebuorkerij. Dat is it plan fan Auke de Jonge fan bernebuorkerij Jongia State.

De Jong krijt stipe fan AOC Friesland en de gemeente Littenseradiel. Dy steane posityf tsjinoer de plannen. De Jong moat noch wol in fergunning krije fan de gemeente. Ek siket er noch stipers om jild byinoar te swyljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)