Jonge(15) straft yn sededelikt

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert hat in 15-jierrige jonge feroardield ta 200 oeren wurkstraf en in foarwaardelike gefangenisstraf foar it ferkrêftsjen fan in 10-jierrich famke. Dat gebeurde foar it earst ûngefear 2 jier lyn yn Ljouwert. In jier letter misbrûkte de jonge it famke nochris.
De 200 oeren wurkstraf is de heechste taakstraf dy't minderjierrigen krije kinne. De jonge krijt ek in learstraf om lettere sededelikten foar te kommen.