Apparteminten Harns populêr

Der is in rekôrdbelangstelling foar de nije hierwenten fan it projekt Welgelegen yn Harns. Flak by de haven en it treinstasjon fan de haven binne 38 apparteminten boud, mar der wiene leafst 141 gadingmakkers. Net earder moast De Bouwvereniging safolle minsken teloarstelle.
De meast reaksjes op de wenten kamen út de havenstêd sels. Sy binne fral entûsjast oer de moaie lokaasje fan de apparteminten.