Eachheelkunde MCL skoart

© Omrop Fryslân
De ôfdieling eachheelkunde fan it MCL yn Ljouwert en Harns is ien fan de bêste fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk troch Prismant, it ûndersyksynstitút fan de Nederlânske feriening fan sikehûzen.
Benammen op it mêd fan ynformaasje-foarsjenning en it omgean mei pasjinten skoart it MCL heger as oare sikehûzen. Pasjinten binne ek tefreden oer de ôfdieling kaaksjirurgy en mûle sykten en de ôfdieling faatsjirurgy.