Krityk op ôfhanneling klachten

01 maaie 2007 - 11:22

Wenningboustichting De_Wieren moat flugger oan de slach mei klachten fan hierders. Dat fine de klanten fan De Wieren, sa docht bliken út in kwaliteitsûndersyk.

De hierders fan De Wieren binne oer it algemien tefreden oer de service. De krityk gie oer de ôfhanneling fan klachten: dat soe flugger moatte. Ek moat der better omgien wurde mei reparaasjes bûten kantoartiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)