Trekker botst mei auto

01 maaie 2007 - 10:58

In autobestjoerder (81) út Wynjewâld is moandei op de Weinterp yn syn wenplak ferwûne rekke by in ûngelok. De auto fan de man waard rekke troch de hefynstallaasje fan in trekker. De bestjoerder dêrfan kaam út in stik greide en ried stadich om sicht op de dyk te krijen. Op dat stuit kaam de 81-jierrige man der mei syn auto oan.

It slachtoffer moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is nei it sikehûs fan Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)