Auto skept scootmobyl

23 mrt 2012 - 14:20

In ynwenner (66) fan Ljouwert is freedtemiddei yn syn scootmobyl oanriden op de Drachtsterwei by syn wenplak. De man waard oanriden troch in frou (49) út Wergea. Dy tocht dat it stopljocht op grien stie, omdat de auto's neist har ek begûnen te riden. Dat wie lykwols net it gefal en de frou ried dêrtroch de oerstekkende man oan.

De Ljouwerter foel troch de oanriding op 'e grûn en rekke ferwûne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)