Kramer wint heale maraton Norg

30 apr 2007 - 20:52

Mariska Kramer fan Drachten hat de heale maraton fan Norg wûn. Kramer dy't fierwei de bêste wie rûn de 21,1 kilometer yn 1.20.24. Bea van der Mei fan it Hearrenfean waard twadde.

By de mannen eindige Eric Bakker fan Terherne op it fjirde plak. Hy rûn de heale marathon yn in tiid fan 1.21.22. De wedstryd by de mannen waard wûn troch Carel Opten fan Finsterwolde, Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)