Epke Zonderland wer thús

30 apr 2007 - 17:10

Nei in suksesfol turnwykein kaam Epke Zonderland moandei wer thús op De Lemmer. Zonderland wûn snein by it EK turnjen op it ûnderdiel brêge in brûnzen medalje. De earste medalje foar Nederlân ea op dat ûnderdiel.

Sneon waard er al sechde op 'e mearkamp. Ek in topprestaasje. Wer thús gie moandei dalik de tv oan om de werhelling fan Studio Sport te sjen. Foar Epke in momint werop syn unike prestaasje echt ta him trochkrong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)