Camping Nij Beets ferkocht

© Omrop Fryslân
Camping De Blauwe Kamp yn Nij Beets is ferkocht. 40 jier ha frijwilligers de camping draaiende hâlden, mar it wurk waard se te folle. De nije eigner hyt Jan Jan Brouwer fan Waterpark Yn 'e Lijte yn Grou. Hy wol fan de camping in rekreaasjepark mei chalets meitsje ûnder de namme Waterpark Nij Beets.
Brouwer set yn op it grutte tal boatsjes dat takom jier oer it wetter by de camping del komme moat as it Polderhoofdkanaal wer iepen giet.