Jouster ballonneflagge omheech

30 apr 2007 - 16:23

Op De Jouwer waard Kenninginnedei fierd op in karakteristike Jouster wize. Mei ballonnen dus en net sa'n bytsje ek. Mar leafst 6 tûzen ballonnen yn de kleuren read, wyt en blau wiene sa oan elkoar knope dat der in grutte flagge ûntstie.

De hiele moarn hawwe 40 minsken dwaande west de kreaasje klear te meitsjen. De hurde wyn joech wol wat problemen, mar úteinlik slagge it de ballonneflagge de loft yn te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)