Drinkelingen al oan 'e wâl

30 apr 2007 - 15:05

Yn de buert fan de Galamadammen by Koudum hawwe helptsjinsten moandei yn aksje west om ien of mear drinkelingen te finen. Underoaren in boat fan de brânwacht waard ynsetten.

Letter die bliken dat de minsken dy't socht waarden al lang en breed op de kant sieten. Doe is de sykaksje fuortdalik stilset. De plysje ûndersiket noch wêrom't de melding dien is en wat der dêrnei bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)