Antilliaanske tsjerketsjinst

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is snein foar it earst in Antilliaanske tsjerketsjinst hâlden. Ynisjatyfnimmer en foargonger is de 26-jierrige Surell Kirindongo fan Drachten. Op de tsjinst kaam in hantsjefol minsken ôf. Kirindongo bliuwt lykwols fan doel om alle wiken in tsjinst te hâlden.
De tsjerketsjinst is yn it Nederlânsk, mar ek wurdt der yn it Papiamento praat en songen. De tsjinst wurdt hâlden yn de Baptistetsjerke Elim.