Alves sjit H'fean nei 5e plak

29 apr 2007 - 16:28

Afonso Alves hat Hearrenfean snein mei fjouwer goals nei de play-offs om de Champions League sjitten. Yn eigen hûs wûn Hearrenfean mei 5-1 fan Feyenoord en dêrtroch einiget de ploech fan trainer Gertjan Verbeek op it fyfde plak. De fjirde goal fan Hearrenfean waard makke troch Lasse Nilsson.

Foar Feyenoord skoarde Danny Buijs. Alves is troch syn fjouwer goals tsjin de Rotterdammers topskutter fan de earedivyzje wurden mei 34 goals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)