Ferfelende dronkelap yn Harns

29 apr 2007 - 15:12

De plysje hat sneintemoarn oan de Foarstrjitte yn Harns in ynwenner (26) fan de gemeente Harns oanholden foar iepenbiere dronkenskip. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol en wie ferfelend. Hy woe by in hoarekagelegenheid nei binnen.

Hy is nei it buro brocht en dêr die bliken dat er gjin identiteitsbewiis sjen litte koe. Hy hat proses-ferbaal krigen en is dêrnei wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)