Anton de Haan net nei Be Quick

29 apr 2007 - 13:50

Fuotballer Anton de Haan fan VV Snits giet net nei Be Quick '28. Sa't it no liket bliuwt hy gewoan by Snits fuotbaljen. De Haan hie al in oerienkomst mei Be Quick, mar hy hat in baan fûn op it Hearrenfean.

Dy baan is net te kombinearjen mei fuotbaljen by de klub yn Swol. Snits wol de ferdigener graach by de seleksje hâlde. Der geane takom jier al sân spilers fuort en kin de ûnderfining fan de Haan wol brûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)