Seldsum blau kealtsje berne

29 apr 2007 - 13:38

Op bernebuorkerij Jongia State yn Bears is sneontemoarn in seldsum blau minikealtsje berne. Miniko Daisy hat in dochter krigen mei de namme Raldi van Jongia State. It is in miniko út Afrika.

Njonken it beheind tal swarte minikij binne de blauwe noch uterst seldsum. De bisten ha in bysûnder grut oanpassingsfermogen oan sawol kâlde as waarme waarsomstannichheden. Se binne taai en ha in hege libbensferwachting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)