Kontrôle op itenskreamkes

29 apr 2007 - 12:30

Meiwurkers fan de 'Voedsel- en Warenautoriteit' hâlde moandei, op Keninginnedei, strange kontrôles by kreamkes mei iten. Der wurdt letten op de temperatuer en hygiëne fan it iten dat op strjitte ferkocht wurdt. Ek sjocht de Voedsel- en Warenautoriteit at der wol skjin wurke wurdt en at it iten wol goed klearmakke wurdt. Op de site fan it Voedingscentrum stean tips wêr't minsken sels op lette kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)