Nije organisaasjestruktuer MCL

It MCL yn Ljouwert
Sikehûs MCL yn Ljouwert krijt in oare organisaasjestruktuer. Der komme 27 sintra dy't laat wurde troch in manager en in spesjalist. De sintra wurde foarme om groepen pasjinten hinne.
De manager wurdt ferantwurdlik foar saken as it ferpleechkundich belied, de finânsjes, it personiel en Arbo- saken. De spesjalist hâldt him dwaande mei it medysk belied. De omskeakeling sil nei ferwachting in jier duorje.