Gjin ynfloed op bou sintrale

© Omrop Fryslân
De provinsje hat net in soad ynfloed op de bou fan in reststoffesintrale yn Harns. Dat docht bliken út antwurden fan Deputearre Steaten op fragen fan de SP-steatefraksje. Dy hie fragen oer de miljeufergunning en de gefolgen foar de natuer fan sa'n sintrale.
Neffens de SP is it net handich in fergunning te ferlienen, as gemeenten mooglik it kontrakt mei ôffalferwurker Omrin opsizze. DS fynt lykwols dat sa'n argumint net meiwaacht.