Achlum ferliest doarpswinkel

Nei 90 jier sleat de buertsuper yn Achlum sneon definityf de doarren. Yn 1918 begûn Klaas van Dijk yn Achlum in bakkersbedriuwke dat letter útgroeide ta in doarpswinkel. De lêste 45 jier waard dy rund troch Jan en Hieke van Dijk, mar dy hâlde der no mei op.
De winkel kin net mear út, want de measten boadskipje yn de stêd. En sa ferliest ek Achlum, lykas safolle oare doarpen, net allinnich in winkel mar ek in stik sosjaal barren.