Jonge rydt sûnder rydbewiis

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht by Lauwerseach in 18-jierrige jonge út de gemeente Dongeradiel oanholden foar joyriding. De jonge hie gjin rydbewiis en hie sûnder tastimming de auto fan syn heit meinommen.
De plysje woe him oan 'e kant sette, om't de auto swier skansearre wie. De jonge joech lykwols fol gas en naaide út. Eefkes letter koe de plysje him toch oanhâlde. De bestjoerder wie tsjin in peal botst.