Kollum no wettersportdoarp

28 apr 2007 - 15:08

Kollum wol him mear as wettersportdoarp promoate no't der in soad jild ynvestearre is yn in bettere berikberens foar boaten. Sa binne der farwegen útbaggere en is de Sylster Rydbrêge beweechber makke sadat ek grutte boaten nei Kollum farre kinne.

Om Kollum as wettersportdoarp op 'e kaart te setten wurdt sneon foar it earst Sail Kollum hâlden, in wettersportevenemint mei aktiviteiten yn it doarp en de jachthaven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)