Motorrider slim ferwûne

© Omrop Fryslân
By in ûngelok yn Terwispel is in motorrider freed slim ferwûne rekke. It slachtoffer ried oer de Koaibosk doe't er oanriden waard troch in autobestjoerder fan De Gordyk. Dy hie de motorrider net sjoen.
It slachtoffer fleach oer de auto en kaam in pear meter fierderop op 'e dyk terjochte. De man is mei de ambulânse oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De autobestjoerder kaam mei de skrik frij.